Romein Beton De Gordyk ticht

27 jan 2011 - 17:58

De festiging fan Romein Beton op De Gordyk giet ticht. Dat lit in fertsjintwurdiger fan it fakbûn FNV witte. Der wurkje njoggentjin minsken yn fêste tsjinst op De Gordyk. By de haadfestiging fan it bedriuw yn Dodewaard moatte der ek noch ris twa minsken út.

De UR fan it bedriuw op De Gordyk hat al ynstimd mei in sosjaal plan. De fêste wurknimmers krije de mooglikheid om oer te gean nei de festiging yn Dodewaard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)