Roma-akkordeonist wer werom

08 des 2011 - 16:36

Binnen twa moanne nei syn grutte ôfskiedskonsert is de Roma-akkordeonist dy't altyd foar de supermerk fan Boalsert spile werom yn Nederlân. Vluchtelingenwerk is ferbjustere dat Todorovich werom is en fielt him by de poat naam. Mei triennen en mankelike akkordeonmuzyk waard ein septimber ôfskied naam fan de akkordeonist.

Nei in asylproseduere fan 13 jier moast er mei frou en bern werom nei Servië. Sympatisanten sammelen jild yn foar syn nije libben. Ek krige er medisinen mei. Todorovich seit no dat er in hûs kocht hat yn Servië en jild nedich hat. Syn frou en soan binne achterbleaun. By de Jumbo is hy net mear wolkom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)