ROM-projekt hâldt op

15 nov 2005 - 06:21

It ROM-projekt yn Súdeast Fryslân hat syn doel berikt en kin dêrom ophâlde, sa hat deputearre Baas moandei bekend makke. Sûnt 1998 is der foar 50 miljoen ynvestearre en 2000 bunder natuergebiet oankocht. Lânbou, natoer, ekonomy en rekreaasje hawwe dêrmei in ympuls krigen.

De gemeenten Hearrenfean, Opsterlân, Weststellingwerf en Eaststellingwerf diene mei oan it projekt. ROM stiet foar Romtlike Oardening en Miljeu.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)