Rom ferlies foar Snits Wyt Swart

01 nov 2015 - 16:07
  • Logo VV Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart Boso Snits ferlear snein mei 7-2 by Keninklike HFC. Yn Haarlem kaam de ploech fan trainer Berry Zandink al betiid op efterstân. Erolind Derguti soarge foar de 1-1, wêrnei't HFC op 'e nij de lieding naam. Freerk de Jong tekene foar de twadde Snitser lykmakker. Op slach fan rêst wie it HFC dat de 3-2 rêststân op it boerd sette.

Nei de tee makken de Haarlemmers mei twa treffers rap dien wurk: 5-2. Dêrmei wie it ferset brutsen by de Snitsers en koe HFC útrinne nei in romme oerwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)