Rom baan greidefûgels by Harns

16 jul 2011 - 15:27
  • It Hegewiersterfjild

Krekt bûten Harns krije waad- en greidefûgels ynkoarten alle romte dy't se nedich hawwe. It natuergebiet, it Hegewiersterfjild, wurdt flink útwreide. Op 't heden wurdt yn it natuergebiet in soad grûn brûkt foar de lânbou, mar dy grûn wurdt werom jûn oan de natuer.

Sa sil der in soad klaai út it gebiet fuorthelle wurde, wêrtroch't de grûn leger komt te lizzen. Ek komt der sa mear wetter yn it Hegewiersterfjild. Fûgels hâlde dêrfan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)