Rom 200 bestjoerders beboete

31 okt 2013 - 10:30

De plysje hat tiisdei yn Wûns, Wytmarsum en Skettens 211 automobilisten op 'e bon slingere. Op de Weersterwei yn Wûns waard de snelheid fan 650 auto's metten, wêrfan 81 bestjoerders hurder rieden as de tasteane 80 kilometer yn 'e oere. Op de Arumerwei yn Wytmarsum waarden 93 minsken bekeurd om't se te hurd rieden. Op de Alde Rykswei yn Skettens beboete de plysje noch ris 37 snelheidsoertrêders.

De snelheidskontrôle fûn plak nei klachten oer gefaarlike situaasjes op dizze diken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)