Rolstoelskip yn Snits doopt

21 apr 2007 - 14:36

Yn Snits is in lúkse jacht foar minsken mei in beheining doopt. Rolstuollers kinne dêr alhiel selsstannich op meifarre. Mei in lift komme se oan board en yn 'e sliepfertrekken. Ek kinne se it dek op en it skip bestjoere.

De Stichting Aangepaste Watersport Friesland hat plannen foar mear fan sokke skippen foar handikapten. Mei de provinsje sil praat wurde oer oanpasssing yn havens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)