Rolstoelpaad yn bosk De Sweach

25 sep 2013 - 10:58

Troch in subsydzje fan 15.000 euro fan de gemeente Opsterlân is de oanlis fan in rolstoelpaad yn Beetstersweach sa goed as wis. Yn de bosk wurdt in 3,5 kilometer lang betonpaad oanlein dat breed genôch is foar minsken yn in rolstoel. It nije boskpaad is foar elk tagonklik en wurdt beheard troch de Cornelia Stifting Beetstersweach, dy't eigener fan it stik bosk is.

De finansiering fan 150.000 euro is hast rûn. De stifting Rolstoelpaad Beetstersweach, inisjatyfnimmer fan de rekreative foarsjenning, giet der fanút dat it paad der gau komt.

De finansiering fan 150.000 euro is hast rûn. Der is noch 6.000 euro nedich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)