Rolstoelbus stellen by ferpleechhûs yn Drachten

14 aug 2015 - 15:23

By ferpleechhûs Neibertilla oan de Boargemaster Wuiteweg yn Drachten is freedtemiddei in rolstoelbus stellen. Dat barde tusken 11.45 en 13 oere. Ien fan de sjauffeurs wie efkes te tanken. Doe't hy weromkaam, wie it buske fuort. De bus stie wol op slot, de kaai siet der ek net yn.

Der binne al kamerabylden besjoen, mar dêr is de stellerij krekt net op te sjen. It giet om in wite ferlingde Mercedesbus, mei op beide kanten it logo fan ZuidOostZorg.

De rolstoelbus wurdt brûkt om de kliïnten fan ZuidOostZorg nei har aktiviteiten te bringen. De plande ritten koene mei wat ferskowings dochs útfierd wurde, mei help fan oare buskes.

De plysje hat in oprop pleatst op twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)