Rolstoelbasketbalsters ferlieze by debút yn earedivyzje

04 okt 2015 - 13:15

De rolstoelbasketbalsters fan DOV-Dyna binne harren earste wedstriid yn de earedivyzje begûn mei in 31-71 ferlies tsjin Arrows '81 út Rotterdam. DOV út Ljouwert en Dyna fan It Hearrenfean binne in fúzje oangien en makken sneon harren earedivyzjedebút. De froulju kamen lykwols tekoart om it de Rotterdammers lestich te meitsjen.

Nije wike stiet de revâns tsjin Arrows '81 op it programma yn de bekerkompetysje. Snein 18 oktober spylje de frouljude twadde kompetysjewedstriid. Dan nimme se it op tsjin Apollo út Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)