Rolling Home seit optredens ôf

09 feb 2008 - 12:49
  • Rolling Home (foto: Martin de Jong)

John Wright (59) fan shantykoar Rolling Home is tongersdei ferstoarn. Dêrom binne de optredens yn Ljouwert, Wommels en op De Gordyk ôfsein. De konserten geane pas yn april wer troch. Freed binne de koarleden troch it bestjoer op de hichte brocht.

It koar bestiet út 45 leden en is bekend fan optredens yn binnen- en bûtenlân. Wright wie in Skot en waard ferneamd troch syn yn it Frysk songen útfiering fan Fries om utens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)