Roland Kortenhorst no majoar

12 jan 2010 - 12:11
  • Roland Kortenhorst

Roland Kortenhorst fan De Jouwer hat it ôfrûne jier in opmerklike karriêre-switch makke. Fan Twadde Keamerlid fan it CDA waard er moandei ta majoar fan de nasjonale reserve befoardere.

As definsjewurdfierder fan de Twadde Keamerfraksje kaam Kortenhorst op foar de belangen fan it leger. As majoar by de nasjonale reserve hopet er in brêge slaan te kinnen tusken it leger en de boargermienskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)