Rol Wiegel yn histoarysk spul

16 maaie 2013 - 20:30
  • Ald-kommissaris fan 'e Keninginne Hans Wiegel

Ald-kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel spilet op 15 juny in promininte rol yn in histoarysk spektakel yn it sintrum fan De Jouwer. Dêr wurdt dan foar de tredde kear in saneamde rjochtdei hâlden. Op dy dei wurde in oantal rjochtsaken út de 17e ieu neispile.

Wiegel spilet de rol fan foarsitter fan it Hôf fan Fryslân. Ek âld-boargemaster Kuiper fan Skarsterlân sil meidwaan. Hy spilet in grytman.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)