Rol provinsje by weryndieling

27 jan 2010 - 13:44

Deputearre Galema wol dat de provinsje inisjatyf nimme kin om mei gemeenten te praten oer weryndieling. It CDA wol lykwols dat de gemeenten sels fan ûnderen op ta weryndieling komme kinne. En as de provinsje dan dochs meibepale wol, dan moat dat better op papier stean.

Op in kommisjegearkomste die bliken dat se fine dat de deputearre better útlizze moat wêrom't er fynt dat de provinsje in gruttere rol spylje moat by weryndieling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)