Rol Gemser yn frijlitting Erkel

12 apr 2004 - 00:00

Ald-reedriderscoach Henk Gemser fan Aldehaske hat in belangrike rol spile yn de frijlitting fan Arjan Erkel.

Troch de kontakten dy't Gemser hat yn de Russyske reedriderswrâld, krige de famylje Van Erkel kunde oan de 'Veteranen van de Buitenlandse Inlichtingendienst'. Dy organisaasje liket in krusiale rol spile te hawwen. Op útnoeging fan reedrider Vadim Sajoetin wie Gemser yn Moskou. Hy frege dêr doe oandacht foar de saak Erkel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)