Rol foar jongeren by frijheid

04 maaie 2011 - 21:44

Jongeren ha de kaai yn hannen om it rjocht op frijheid troch te jaan yn de wrâld. Dy boadskip joech boargemaster Crone fan Ljouwert oan de oanwêzige jongerein by de deadebetinking yn de Prinsetún yn Ljouwert. Neffens him kinne jongeren fia ynternet oaren berikke dy't net yn frijheid libje.

Der wiene hûnderten minsken yn de tún om 2 minuten stil te wêzen om de slachtoffers fan oarlochsgeweld te betinken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)