ROI sil ûndernimmers helpe

23 aug 2013 - 11:52

Fryske ûndernimmers yn swier waar kinne nei alle gedachten mei yngong fan septimber stipe krije fan it Regionaal Ondernemersinstituut, it ROI. Dat seit Eric Jansen fan de noardlike Keamer fan Keaphannel. It ROI is no allinnich aktyf yn Grinslân en Drinte. Mei finansjele stipe fan inkele tsientûzenden euro's fan de Keamer fan Keaphannel kin dat meikoarten ek yn Fryslân.

It ROI helpt ûndernimmers dy't kopke ûnder driigje te gean by bygelyks in trochstart. Yn Grinslân en Drinte slagget dat yn 65% fan de gefallen dêr't it ROI by belutsen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)