Roggebreafabryk Broeksterwâld skoft ûntromme fanwege brân

09 okt 2015 - 11:24

It roggebreafabryk van Van der Meulen yn Broeksterwâld hat freedtemoarn ûntromme west fanwege in brân. De brân sels foel ta, it gie om isolaasjemateriaal fan in oven dêr't reek út kaam. Om't guon meiwurkers mooglik reek binnen krigen hawwe, is in ambulânse oproppen om de minsken te ûndersykjen.

In part fan de Haadwei, dêr't it fabryk oan stiet, hat in koart skoft ôfsletten west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)