Rogers sjocht om nei oare klup

15 apr 2003 - 00:00

Dave Rogers, dy't troch Cambuur oan 'e kant set is foar de rest fan it seizoen sil op syk nei in klup dêr't er syn kondysje op peil hâlde kin. Rogers sil net mear by Cambuur traine. Dat is de útkomst fan in petear moandei tusken de Ingelsman en de lieding fan Cambuur.

Rogers waard freed op non aktyf steld nei oanlieding fan in fjochtpartij in dei earder op 'e training. It kontrakt fan Rogers rint oan de ein fan it seizoen ôf en sil net ferlingd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)