Rôfoerfal op pokertoernoai

24 apr 2010 - 13:52
  • De rôfoerfal wie yn in kafee oan it Willem Alexanderplein (foto's: Anton Kappers)

Der hat freedtenacht in rôfoerfal west yn kafee It WAP oan it Willem Alexanderplein yn Ljouwert. Yn besletten kring fûn hjir in pokertoernoai plak. Twa man kamen der yn mei fjoerwapens en holden sa'n tweintich minsken ûnder skot. Alle minsken waarden oanslettend fêstbûn en moasten alle besittingen ôfstean.

Hjirby waard ek geweld brûkt. Trije minsken moasten yn it sikehûs behannele wurde foar ferwûnings. De plysje is op syk nei de twa dieders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)