Rôffûgels slachtoffer krieëjacht

26 maaie 2005 - 12:38

Beskerme rôffûgels wurde slachtoffer fan de tastimming fan de provinsje foar de jacht op krieën. Dat seit boskwachter Bakker fan Súdwest-Fryslân. De fûgels bedarje yn fangkoaien foar krieën en lang net altyd komme se wer frij.

Guon fûgelwachters binne benaud dat de rôffûgels greidefûgels oanfalle of de aaien opfrette, seit Bakker. De plysje en de AID hawwe te min minsken om soks goed te kontrolearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)