Roerige ynformaasjejûn Ljouwert

06 okt 2000 - 18:06

Yn in roerige gearkomste is tongersdei praat oer de komst fan in opfangplak foar drugsferslaafde dak- en thúsleazen oan de Zuidergrachtswal yn Ljouwert.

Goed hûndert minsken makken it de gemeente net maklik. Fan it plan om benammen ynformaasje te jaan oer de wize wêrop't it opfangplak ynrjochte wurdt, kaam neat telâne. Dêr wiene de buertbewenners net foar kommen, seine se.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)