Roemenen stelle yn Stiens

07 okt 2012 - 14:05
  • Plysjemotor

Mei tank oan alert winkelpersoniel koe de plysje sneon yn Stiens trije Roemenen oanhâlde foar winkelstellerij. Twa Roemeenske froulju fan 24 en 27 jier kamen sneontemiddei in drogisterij oan de Langebuorren yn. Se hiene beide grutte tassen by har en it personiel fertroude dat net. It duo ferliet de winkel en rûn nei in oare drogisterij. It personiel koe de warskôge plysje fertelle dat de beide froulju by in man yn de auto stapt wiene en it doarp ferlieten. De plysje koe de auto mei de trije Roemenen oanhâlde.

Yn de kofferbak fûn de plysje in tas mei nije, noch ferpakte kosmetika. Boppedat leine yn de auto noch twa preparearre tassen om befeiligingspoartsjes mei omsile te kinnen. It trio is ynsletten op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)