Roemenen pakt foar stellerij

10 jun 2011 - 10:45

De plysje hat tongersdei yn it sintrum fan Harns trije Roemenen oanhâlden fanwege stellerij.

Ien fan de trije hie earder yn in winkel yn Harns de beurs fan in 83-jierrige frou stellen. By in syktocht fan de plysje waard de dieder fûn yn it selskip fan de twa oare Roemenen. De trije hienen neist de beurs ek sportklean by har, dy't se earder dy dei stellen hiene by in winkel yn Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)