Roemenen oppakt foar stellerij

11 jan 2013 - 09:54
  • Boeien

De plysje hat tongersdei op it Broereplein yn Boalsert fjouwer Roemenen oanhâlden foar stellerij út winkels. It giet om twa manlju fan 38 en 40 jier en twa froulju fan 20 en 27 jier. De plysje kontrolearre it selskip yn in auto mei Frânsk kenteken. By dy kontrôle fûn de plysje in preparearre tas mei ferskate kosmetyske produkten.

Dit wie oanlieding om de Roemenen oan te hâlden op fertinking fan dieverij. De Roemenen binne ynsletten en wurde freed heard mei help fan in tolk. De plysje ûndersiket wêr't de kosmetyske produkten krekt weikomme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)