Roemenen oppakt foar stellerij

17 apr 2012 - 09:38

Trije Roemenen fan 21, 33, en 38 jier binne moandeitenacht oanhâlden, omdat se derfan fertocht wurde dat se diseloalje stellen hawwe. In tsjûge hie sjoen hoe't besocht waard yn te brekken yn in parkearde frachtwein yn Sint Nyk en koe de plysje fertelle hoe't de auto fan de dieven derút seach.

De plysje fûn de auto op de Tjûkemarwei yn Sint Nyk, rûkte in sterke disellucht en fûn in tal jerrycans yn de auto. De trije binne nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)