Roemenen oppakt foar dieverij

01 apr 2011 - 10:18

Yn Wolvegea hat de plysje tongersdei trije Roemenen oanhâlden foar dieverij. De trije soene yn in supermerk jild fan in persoan stellen hawwe. In tsjûge seach dat en warskôge de plysje. Dy trof de Roemenen letter op De Lemmer oan.

Yn har auto lei guod dat mooglik stellen wie. De auto is yn beslach naam en de fertochten fan 32, 33 en 37 jier binne foar ûndersyk nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)