Roemenen op de sneldyk oanhâlden foar stellerij

18 maaie 2015 - 15:01

In frou is moandeitemiddei troch trije Roemenen bestellen fan har beurs yn in supermerk yn Menaam. Troch adekwaat optreden fan it personiel yn de supermerk koe in 27-jierrige man fuort oanhâlden wurde. In 24-jierrige frou en in 27-jierrige man koene yn earste ynstânsje útnaaie, mar se waarden efkes letter op de sneldyk fan Ljouwert nei Harns by de ôfslach nei Seisbierrum oanholden.

De auto is yn beslach naam. De plysje seit dat der mooglik ek in twadde slachtoffer makke is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)