Roemenen kreakje parkearmeters

25 mrt 2012 - 16:26
  • Oanhâlden

De plysje hat sneintemoarn betiid yn Snits twa Roemenen fan 22 en 24 jier oppakt op fertinking fan it kreakjen fan parkearmeters. Plysjes op mountainbikes seagen de manlju yn in steech en fûnen dat se har fertocht gedroegen. Se waarden dêrom kontrolearre. Yn harren auto fûn de plysje in hiel soad lytsjild en de manlju stiene by in kreake parkearautomaat.

De manlju wiene ek yn besit fan ark dat je brûke kinne om in parkearmeter te kreakjen. Ark, auto en lytsjild binne yn beslach nommen.

De twa fertochten binne oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten foar neier ûndersyk. Der wiene yn de omjouwing fan de Oude Koemarkt ferskate parkearmeters kreake. De gemeente moat hjir noch oanjefte fan dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)