Roemenen fêst foar ynbraak

05 des 2013 - 09:50
  • Ynbraak

Twa manlju út Roemenië binne woansdeitenacht oanholden foar in ynbraak by in metaalbedriuw oan de Sadelmakkerstrjitte yn Snits. De plysje fûn de manlju fan 22 en 30 jier âld yn in auto dy't flakby it bedriuw stie. De mannen dienen krekt as leinen se te sliepen, mar sjoen de farske spoaren by de auto trape de plysje dêr net yn. It Roemeenske twatal is meinaam nei it buro foar ferhear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)