Roemenen fertocht fan dieverij

18 maaie 2011 - 11:41

De plysje hat tiisdeitenacht yn Ljouwert acht Roemenen oanhâlden op fertinking fan ynbrekkerij. In tsjûge seach trije manlju út in bedriuwsauto kommen op de Staniastate en fertroude dat net. Hy belle de plysje.

Yn de auto siet ynbrekkersark en stellen kabels. Koart dêrnei kaam in auto oan mei twa minsken dy't yn it buske oerstappe woene. Alle ynsittenden binne oppakt. Letter binne noch fjouwer oare fertochten oanhâlden. Se sitte allegear fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)