Roemeenske spylsters op proef

25 jul 2012 - 16:04
  • SC Hearrenfean

Twa Roemeenske internationals spylje dizze wike op proef bij SC Hearrenfean Beneleague, it eardere frouljusalvetal. It giet om de twillingsuskes Monika en Zsuzsanna Sinka. Beide binne al in skoft Roemeensk international. Se spilen beide ferline seizoen foar in Poalske klup, dêr't se mei yn de top fan de kompetysje einige binne. Se wolle har karriêre no graach trochsette yn Nederlân. Monika Sinka spilet yn de ferdigening, har suske is oanfallende middenfjilder.

Trainster Jessica Torny en har stêf beoardielje dizze wike oft de twa Roemeenske froulju in goede oanfolling binne op de seleksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)