Roemeenske liuwen yn Pantera

06 apr 2009 - 23:57

Rôfdiereopfang Pantera yn Nijeberkeap fangt twa ferwaarleaze Roemeenske liuwen op. De twa bisten komme út in dieretún yn it noardeasten fan Roemenië dy't al in skoft ticht is foar publyk.

Amerikaanske en Nederlânske bistebeskermers hawwe besocht in oare dieretún foar de liuwen te finen, mar omdat de bisten der sa min oan ta binne, slagge dat net. De liuwen sille by Pantera earst in heal jier oansterkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)