Roemeenske hurdrider op 'e bon

17 aug 2010 - 09:58

In hurdrider út Roemenië hat moandei in boete fan hast 400 euro krigen. De plysje trapearre de man doe't dy mei 180 kilometer yn de oere oer de A6 by De Lemmer raasde. De man krige ek in boete om't syn dochter fan 3 jier net yn it bernesitsje siet.

Doe't de man en syn frou besochten om it bedrach nei ûnderen te krijen, hat de plysje de auto yn beslach naam. By it plysjeburo op De Lemmer hat de Roemeen de boete op it lêst betelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)