Roemeense stelt kosmetika

11 okt 2012 - 10:29
  • Kosmetika

Meiwurkers fan in drogisterij yn Snits hawwe woansdeitemiddei in 21-jierrige frou út Roemenië oppakt foar stellerij. De personielsleden seagen dat de frou kosmetika yn 'e tas die en útnaaie soe. De frou is oppakt en oerbrocht nei it plysjeburo.

Letter die blike dat de frou tegearre wie mei in man. De plysje hat boargernet ynskeakele om dy man te finen. Dat is oant no ta noch net slagge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)