Roemeen socht yn saak Sint Nyk

12 okt 2013 - 10:29
  • De ME siket om spoaren by it plak dêr't it lyk fûn waard
  • George Marian Hartescu

De resjerzje dy't de moard op de Amsterdammer Omar Kourrich ûndersiket, hat it fizier rjochte op de 26-jierrige Roemeen George Marian Hartescu. It lichem fan Kourrich is yn juny fûn by de Tsjûkemar by Sint Nyk. It lyk wie yn brân stutsen. Der sitte al twa fertochten fêst foar de moard, in Turkse heit en soan út Amsterdam, mar de resjerzje tinkt dat se gearwurke hawwe mei Hartescu. De Roemeen hat gjin fêst wenplak. Hartescu hat earder oppakt west foar oplichting en fraude.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)