Roelofsen trainer by Wolfsburg

30 des 2005 - 14:53

Robert Roelofsen (35) fan Drachten wurdt assistent-trainer by de Dútse klub VFL Wolfsburg. Klaus Augenthaler, de nije haadtrainer, hat Roelofsen benadere. Earder wie Roelofsen jeugdtrainer by Nürnberg, dêr't Augenthaler doe haadtrainer wie.

Roelofsen komt oer fan Hansa Rostock dêr't hy sûnt twa jier jeugdtrainer wie. De âld-spiler fan Drachtster Boys kaam nei Dútslân omdat syn frou dêr op heech nivo hânballet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)