Roelof Bouwmeester fyftjinde

05 aug 2009 - 22:25
  • Roelof Bouwmeester (argyffoto)

Roelof Bouwmeester stiet nei seis wedstriden op it fyftjinde plak op it Europeesk kampioenskip silen yn de Laser. Nei in hiel sterk begjin op de earste dei (twadde en fjirde) yn Sweden en in teloarstellende twadde dei (26 en 24 ste) waard de 24-jierrige Wartenster woansdei tsiende en fyftjinde.

Nei it ôflûken fan it minste resultaat is Bouwmeester no fyftjinde yn it klassemint mei 55 punten. Lieder Paul Goodison (Grut-Brittannië) hat 14.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)