Roeland mist skûtsjesilen

22 jul 2004 - 11:54

Harmen Roeland mist sneon foar it earst de start fan it skútsjesilen yn Grou. Dat fynt de televyzjesjoernalist hiel slim, sa skriuwt De Telegraaf. 'It skûtsjesilen is sa'n ûnderdiel fan myn libben dat ik it net befetsje kin, dat ik der net by wêze kin', seit Roeland.

Harmen Roeland waard sneontejûn yn Amsterdam mishannele troch in swalker. Dy soalde him yn it wetter fan it IJ en sloech him op it each. Mooglik wurdt dat net wer better.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)