Roeland folget SKS fia ynternet

02 aug 2004 - 16:51

Nijsfeteraan en skûtsjeleafhawwer Harmen Roeland is woansdei ûntslein út it Akademyske Sikehûs yn Amsterdam. Hy hat tiisdei in twadde swiere operaasje oan it linkereach hân. De yngreep hie lykwols net it winske effekt: Roeland is bliuwend blyn oan ien each.

Roeland werstelt no thús yn Amsterdam. Fia www.omropfryslan.nl folget er live de ferslaggen fan Klaas Jansma fan it skûtsjesilen. Roeland waard op 17 july swier mishannele troch in swalker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)