Roel Sluiter 'nije' boargemaster fan Harns

04 mrt 2015 - 19:59

Roel Sluiter (PvdA) wurdt de nije boargemaster fan Harns. Sluiter wie al sûnt 2012 waarnimmend boargemaster fan de gemeente. Om't der plannen wienen foar weryndieling, wie der gjin nije boargemaster oansteld. Mar Harns hat ferline jier tsjin weryndieling stimd. Dêrop kaam der in fakatuere foar de boargermasterspost. Dêr hawwe njoggen minsken op reageard.

Sluiter is dêrút keazen troch de betrouwenskommisje fan de gemeenterie. Syn beneaming moat noch offisjeel goedkard wurde troch Den Haach. Ein maaie is nei alle gedachten de ynstallaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)