Roel Cazemier nei Denekamp

23 jun 2009 - 22:22
  • Roel Cazemier wurdt boargemaster yn Twinte

Omropdirekteur Roel Cazemier is troch de gemeenteried fan Dinkelland foardroegen as boargemaster. Dinkelland is in gemeente fan 26.000 ynwenners yn Noardeast Twinte. De gemeente ûntstie yn 2001 út in fúzje fan Ootmarsum, Denekamp en Weerselo.

Cazemier folget de tydlik boargemaster op, dy't it roer oernaam neidat de gemeenteried boargemaster Frans Willeme fuortstjoerde. As syn foardracht goedkard wurdt, begjint Cazemier op 1 oktober yn Denekamp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)