Roel Cazemier ferlit Omrop

07 maaie 2009 - 13:27
  • Roel Cazemier stapt 1 septimber op

Direkteur Roel Cazemier fan Omrop Fryslân leit op 1 septimber syn funksje del. Neffens Cazemier mist hy yn syn hjoeddeiske funksje de breedte fan it iepenbier bestjoer.

Cazemier waard yn april fan ferline jier beneamd as nije direkteur fan Omrop Fryslân. Dêrfoar wie hy boargemaster fan ûnder oare de gemeenten Dongeradiel en It Amelân. Cazemier hat de meiwurkers fan Omrop Fryslân tongersdei op de hichte brocht fan syn beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)