Roeken definityf ferjage

12 apr 2011 - 12:18
  • Byld fan de roekebestriding by Heemstrastate (argyffoto)

It fuortjeien fan de roeken by it park fan soarchsintrum Heemstrastate yn Oentsjerk ferline jier hat fertuten dien. Der nestelje no gjin roeken mear.

Saakkundigen hiene ferwachte dat de fûgels werom komme soene. Yn novimber wiene der yndie roeken, mar dy binne wer fuort gien. Der sitte noch wol roeken op oare plakken yn Tytsjerksteradiel, mar dat binne der net in hiel soad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)