Roekeleaze autobestjoerster

06 jan 2014 - 11:02

In 19-jierrige frou út Gruttegast is sneintemiddei yn Drachten oppakt om't se hurd ridend op in oare auto botst wie. Dat barde yn de Toerstrjitte. De ynsittenden fan de oare auto, in 25-jierrige frou en har soantsje fan 4 jier, rekken ferwûne en moasten nei it sikehûs. De passazjier fan de fertochte, in 17-jierrige Drachtster, moast mei ferwûnings oan de holle ek nei it sikehûs.

De plysje tinkt dat de frou drugs brûkt hat. Dêrom moast se in bloedproef dwaan. Har rydbewiis is ek ynnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)