Roeirêdingsboat te wetter

07 sep 2007 - 20:46

Op Skylge is freed de histoaryske roeirêdingsboat Sikretaris Schumacher wer offisjeel te wetter litten. De hast 100 jier âlde boat is in projekt fan de 'Stichting Behoud Oudste Motorreddingsboot ter Wereld'.

Foar it opknappen fan de boat en de steiger moast mear as 100.000 euro op it kleed komme. De restauraasje hat al mei al sawat in jier duorre. De sloep waard yn 2005 ûntdutsen troch Jan Heuff, de sikretaris fan 'e Stifting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)