Roeiers Tréwes nei Ruslân

26 mrt 2007 - 20:52

Roeiferiening Tréwes út Aldeboarn sil yn juny meidwaan oan in ynternasjonale roeiwedstryd (Zhigulevskaya) oer 160 km op de Wolga yn Ruslân.

Yn totaal dogge der 15 teams mei oan de race. De langste wedstryd yn Nederlân giet oer 32 km en dat is dy fan Harns nei Skylge. De wedstryd yn Ruslân begjint op sa'n tûzen kilometer ten súdeasten fan Moskou. It team fan Tréwes ferwachtet der sa'n 18 oeren oer te dwaan en giet foar de winst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)