Roeiers Hull-Harns oankaam

31 jul 2001 - 00:00

De roeiers fan de ekspedysje Hull-Harns ha der 56 oeren oer dien om fan Hull nei Harns te kommen. Moandeitejûn kamen de 30 roeiers oan.

De tocht fan 420 kilometer soe oant tiisdei duorje, mar troch it moaie waar en de goeie kondysje fan de manlju en froulju kamen se folle earder binnen. Yn de Harnzer haven wiene in soad minsken om de roeiers yn te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)