Roeier Hamburger net nei Spelen

07 maaie 2004 - 00:00

Roeier Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap is der net yn slagge om de Olympyske Spelen te heljen. By wedstriden yn Poznan koe Hamburger him fia de herkânsing pleatse, mar hy waard fjirde.

Hamburger (21) jildt as in grut talint. Ofrûne wike waard er yn 'e skiff (ienpersoansboat) by ferrassing Nederlânsk kampioen. Syn konkurrint Dirk Lippits helle yn Poznan ek de Spelen net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)