Roeie foar Serious Request

26 nov 2013 - 14:16

In grutte groep roeiers komt yn aksje foar Serious Request. Sy sille de Alvestêdetocht roeie. De dielnimmers komme ûnder oare út Amsterdam, Den Haag, Alkmaar en Deventer. De roeiers begjinne op 21 desimber. Se farre dan de hiele nacht troch om safolle mooglik jild op te heljen foar it Reade Krús.

Lykas bekend is de aksje Serious Request dit jier yn Ljouwert. Fan 18 oant 24 desimber stiet it Glêzen Hûs op it Saailân. De opbringst fan de aksje giet dit jier nei de bestriding fan bernestjerte troch diarree.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)